De zeemeermin van Makkum met vissersboot en kalkovens

Contact
Colofon
Copyright
Disclaimer

sitemap > Home > Nieuws > Vermist persoon Gaast (04-02-10)

Vermist persoon Gaast (04-02-10)

16.41 uur: CONTACT AC (OVD Zuidwest Fryslân)
16.50 uur: P 2 Vermist persoon ZEEDIJK GAAS Inzet TSMAKKUM

By Gaast wurdt socht nei in fermist echtpear.

Update Omrop Fryslân:
It âldere echtpear dat fermist waard op de Iselmar by Gaast is fűn. Se giene it iis op om it kruiend iis te besjen, mar waarden oerfallen troch de hurd opkommende mist.
Dęrtroch koene se it paad net mear weromfine. Fia de mobile tillefoan bellen se de plysje.

In helikopter mei ynfraread-apparatuer hat it echtpear fűn en fan it iis helle. Se binne mei de ambulânse nei it sikehús brocht. Hoe't se der oan ta binne is net bekend. Doe't se mei de plysje bellen wiene se al tige kâld. De man en de frou hiene fan it iis op 'e Iselmar ôf belle dat se der net mear ôf doarden.
Dęrnei is neat mear fan harren fernaam.

De plysje hat op 'e Iselmardyk in auto delset mei sirene en swaailjochten oan.
Fierders wurdt in helikopter mei ynfrareadapparatuer op paad stjoerd om harren de sykjen.
Ferfelende bykomstichheid is dat de batterij fan it mobyltsje fan it echtpear hast leech is.

Bron: Omrop Fryslân

vorige

index

volgende